Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid
4 desimber 2025
‘De Hounspolder’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter van Fryslân, Arjan Hut, oer syn nijste gedicht: “De minske makke fan de see in polder. Wat sil der no fan de polder wurde? Wat ha de ‘net-minsken’ dy’t yn de polder libje yn te bringen? By dit gedicht ha ik my ynspirearje litten troch it wurk fan skriuwer-filosoof Eva Meijer.”

De Hounspolder
yn dizze einleaze see dy’t gjin see mear is

ûnder de reek fan de grutte dream
ûnder de amerikaanske motormûne
ûnder de wjokslach fan de nacht

skûlet in plak dêr’tsto ferjitte kinst
datsto minske bist – en skries en skril en ljip
datsto azem bist – en gers, en loft, en skiednis

wat bliuwt der fan dy oer?

in momint yn in momint, net mear, in weach
yn in weach, in komma, en in moai begjin –
om it allegear hielendal oars te dwaan

do leist twa skulpen mei de herten tsjinmekoar
en sjoch, it lykje krekt twa wjokken

De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op de webside fan it projekt Dichter fan Fryslân.