Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Frije tiid Oer it Frysk
23 july 2024
‘Simmer offline’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut: “Sille we der mar fan útgean dat it noch altyd reint as dit gedicht ferskynt? It waar kin ús yn ‘e hûs twinge. Foar de ien is in finster in privacy-lek, foar de oar in ding om troch nei bûten te sjen.”

De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op de webside fan de Dichter fan Fryslân.

Simmer offline
en de wyn blaast in ûnbestimd liet
en de rein tikket in ferbean boek oer de dakken út

“God nimt foto’s”, sei mem as it wjerljochte

ik bin mar in ienfâldige Fries
net geskikt foar wurk op kantoar
ûnhandich mei de holle
en hannen

sa rommelje ik mei gedichten om

somtiden strompelje ik,
mei de krantekop fol ronfels, nee,
de tongerkop fol fonken!
nei it finster
en stroffelje suver
oer it lytste strypke simmer

dan, achter yn de keamer
hear ik in fertroude stim, fan “sjoch,
it tommeljen fan wolken, wat in moaie loft!”

Dichter fan Fryslân Arjan Hut. Foto: Reyer Boxem

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.