Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân
De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “Is it wol mooglik om werom te gean nei hoe’t it wie, eartiids? No’t elkenien opmekoar sjit, mei mieningen as kûgels. ‘You cannot put a Fire out’, skreau Emily Dickinson. Sa begong sy in gedicht, en dêr is it fjoer in symboal: ynspiraasje. In hiel oar fjoer om te iepenjen! De titel ‘Lighten up, Kim Jong-un’ is ynspirearre op in útspraak fan Trump, en in ferske fan Sparks (Lighten up, Morrissey).”
De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op de webside fan it projekt Dichter fan Fryslân.
Lighten up, Kim Jong-un
se iepenje it fjoer
dizze nacht, mei linten ôfset, achter wite skermen
se iepenje it fjoer
op it âlde hûs
wa iepenet it fjoer?
de fijân iepenet it fjoer!
ík iepenje it fjoer
joost oomen iepenet it fjoer
de afûk, kapitein haddock, dichterskollektyf rixt, mahatma gandhi en de sosjale fersekeringsbank iepenje it fjoer
sinteklaas iepenet it fjoer
wylst de wyn gûlt
wylst de moanne hinget yn it tsjuster as in bleek gedicht
iepenje pasifisten it fjoer, iepenje warleaze miljardêrs dy’t beskerme wurde moatte tsjin sosjalisten it fjoer, iepenje multinasjonals op e-bikes, mansplainers op jezus-nikes, influencers skoaiend om likes it fjoer op it âlde hûs
en de wyn klapt en de hûnen janke en de bitcoins rattelje
de bern dy’tsto betrapest mei rotsjes yn it park fier foar âldjiersnacht iepenje it fjoer
arne slot yn liverpool iepenet it fjoer
switserlân en tibet iepenje it fjoer
somtiden wurdsto wekker yn dyn âlde keamer
krekt as staptsto sa werom
nei doe, leit
earder om ’e hoeke
it âlde hûs –
bedobbe yn de tún dyn earste stappen, njonken
de bonken fan de hûn dy’t fuortrûn yn ’e bosk
it famke dat nea bestien hat
sit mei har boekje yn ’e finsterbank
heit en mem, al iuwen útmekoar
dochs fregesto,
sinteklaas, is u daar?
mei ik in plak om thús te neamen foar altyd?
mei ik in list fan alle minsken dêr’t tenminste ien god sûnder betingsten achter stiet
mei ik in wurdboek fan de taal fan it folk
mei it in kear stil wêze
(….) want alle dichters mei in goed hert en alle dichters mei minne bedoelings iepenje it fjoer
m. vasalis iepenet it fjoer
t.s. eliot iepenet it fjoer
emily dickinson iepenet it fjoer
boem oer de leanen en de fearten en de greiden
boem skroeit op it doarp oan
boem krûpt fan skrik ûnder de bêden
mar hjir is neat te rêden, neat, noch net
sa leisto wekker, dizze nacht, mei linten ôfset
en ferburgen achter wite skermen
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.