Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân: Op Skiermûntseach

Boeken fan Fryslan Frije tiid
13 novimber 2025
De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, is de kommende dagen te gast by literatuerfestival 'Meet Me at the Lighthouse' op Skiermûntseach. En sa hjit ek syn nijste gedicht: Op Skiermûntseach. Hjoed trapet Arjan it festival ôf mei dit iepeningsgedicht. Dêrnjonken wurdt it gedicht hjoed ek publisearre yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Arjan Hut oer syn nije gedicht: ‘It tema fan it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse op Skiermûntseach is ‘skimer’. De twiljocht-sône tusken dei en nacht, mar ek it skimergebiet tusken realiteit en fantasij. In moai plak foar skriuwers en dichters en lêzers om mekoar te treffen.’

Op Skiermûntseach
(Praktyske ynfo foar de Meet Me at the Lighthouse-gast)

Yn ‘e lytse kapel rûkt it nei hjerst en poëzy.
De kafees en hotels sûgje har fol wylde dichters,
mar dy nimme, alles sizzend, sa min mooglik romte yn.
It eilân is gjin dei itselde eilân.
Einleas is de oare kant.
Nee, do meist net de reade fjoertoer op.
Freegje by boekwinkel Kolstein:
‘Ik wil stokmonniche neje búeken oontjúege.’
De sinne is swier en sakket wei yn de neimiddei.
It ljocht reflektearret op de mammoettanker oan de hoarizon.
Mient in skriuwer: ‘Dat is gjin skip, it is de âlde stêd Oslo,
losbrutsen út it hege noarden wei’ …. stap dan rêstich fierder.
Letter silsto dizze dagen misse.
De see is lûd, de wyn blaast fjouwerstimmich.
Oefenje morsekoade, knipperje mei de eagen.
Kinst inoar somtiden amper ferstean.
In wolk ritst iepen.
Tsjokke drippen spatte donkerblauwe kraters yn de taal
en boppe it wetter sweeft, salang’t it reint,
in see fan útroptekens.
Have fun!!!
Nachts kinst de stjerren plôkje,|
mar lit se net achter op it strân.

(Ek út namme fan de organisaasje, tige tank.)

De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op de webside fan it projekt Dichter fan Fryslân.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk/Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.

Mear witte oer it literatuerfestival ‘Meet me at The Lighthouse’? Sjoch op mmatl.nl.

Lês ek Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân.