Nij! Keimpe-memory
In moai nij en learsum spultsje: doch memory mei Keimpe de Krokodil! Sykje twa deselde plaatsjes byinoar. Slagget it ek om de wurden te lêzen? Wa’t de measte kaartsjes byinoar socht hat, dy wint. Leuk en learsum foar bern mar ek foar folwoeksenen noch best in útdaging. Sa as mem en juf Thea Westra seit: ‘Ik kin it net fan de bern winne!’.
Foar €9,95 keapest al in Keimpe memory. De memory is ek te keap yn kombinaasje mei it Wêr is Keimpe sjoch-, lear- en fertelboek, dan krigest € 5,- koarting.
En om it hielendal kompleet te meitsjen is der njonken de memory en it boek ek noch in moaie Keimpe hânpoppe te keap. Fynst de produkten fansels yn de Afûk-websjop.
De Keimpe-memory is geskikt foar bern fan 3 jier en âlder. Mar bern binne noait te âld foar in memory-spultsje. De jongste bern kinne twa plaatsjes byinoar sykje, de wat âldere bern kinne de wurden derby lêze en de hiel âlde ‘bern’ ha faak al muoite genôch om alle plakken fan de plaatsjes te ûnthâlden..!
Keimpe memory – € 9,95
Wêr is Keimpe boek – € 16,95
Keimpe hânpop – € 17,50
Keimpe de Krokodil – Boek & Memory – € 21,95