Nij kultuerbelied Provinsje Fryslân fan 2021 ôf

Frije tiid Oer it Frysk Op it wurk
12 novimber 2018
Parseberjocht provinsje Fryslân - Oanslute by de krêft en de ideeën út it fjild wei, fierder bouwe op de resultaten fan Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018) en mear romte foar ynnovaasje en nij talint. Sa wol de provinsje Fryslân fan 2021 ôf yn de nije beliedsperioade in sterk en fleksibel kultuerbelied yn Fryslân delsette.

Deputearre Poepjes: “Fryslân kin in soad. Ús provinsje barst fan de kreativiteit, it talint en de enerzjy. Dêr wolle wy better op ynspylje kinne. Wy koesterje wat troch de kulturele organisaasjes al berikt is. Dêrom wolle wy trochgean mei wat wurket en dêrby nije ûntwikkelings stimulearje. Mei dizze weroriïntaasje skeppe wy dêr rânebetingsten foar.”

Kritearia
De notysje ‘Kultuer oan ‘e Kime’ beskriuwt de doelen, betingsten en hifkingskritearia foar it nije kultuerbelied fan 2021 ôf. Yn de besteande situaasje binne der gjin dúdlike kritearia om fêst te stellen hokker kulturele ynstellings in mearjierrige subsydzje krije. Ek leit it budzjet foar kultuerbelied foar in grut part fêst troch mearjierrige subsydzjeôfspraken. Dat beheint de fleksibiliteit.

Gearwurking
Kulturele organisaasjes wiene nau by it ta stân kommen fan it útstel behelle. Dat barde troch wurksesjes, in mienskiplike dei oer Aginda2028, gearkomsten en petearen. Begjin 2018 hat in tal kulturele spilers in kearngroep formearre, it hiele jier is regelmjittich mei dizze kearngroep oerlein.

Útfieringsstruktuer
Op basis fan alle ûntwikkelingen, de resultaten fan LF2018 en de ynbring út it kulturele fjild wei, makke de provinsje in ûntwerp foar in nije útfieringsstruktuer foar it kultuerbelied. Dat bestiet út fjouwer ûnderdielen: keunst, erfgoed, taal en programmalinen. Yn it ûnderdiel keunst kiest de provinsje foar popkultuer en (lokaasje)teäter. Popkultuer en teäter ûnderskiede en manifestearje harren yn Fryslân sterk. Yn it ûnderdiel erfgoed bringt de provinsje musea, argiven en erfgoed byinoar yn ien belied. Taal beneamt de provinsje as ambysje, om taal en meartaligens as ynspiraasjeboarne foar keunst en kultuer fierder te stimulearjen. In sprekkend foarbyld dêrfan is Lân fan Taal. Fia de programmalinen wol de provinsje fleksibel ynspylje kinne op de krêft en de ideeën út it kulturele fjild wei. De programmalinen geane oer saken as grutskalige kulturele produksjes, fernijing & eksperimint, taal & identiteit en kulturele inisjativen út ‘e mienskip wei. Dy ûnderwerpen hawwe sterke ferbining mei de ambysjes fan Aginda2028, it erfskip fan LF2018.

Unôfhinklike beoardieling
Yn it nije kultuerbelied wol de provinsje subsydzje-oanfragen fan kulturele organisaasjes ynhâldlik beoardielje litte troch ien of mear ûnôfhinklike advyskommisjes. Dat slút oan by de wurkwize fan it ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip en alle oare provinsjes. Yn de hjoeddeistige wurkwize beoardielet de provinsje Fryslân de oanfragen noch sels.

Tydpaad
De tarieding foar de weroriïntaasje komt binnen it besteande belied ta stân. It nije belied giet fan 2021 ôf yn. Uterlik begjin 2020 komt der in útstel oan Provinsjale Steaten mei in fierdere útwurking fan de betingsten en de finansjele dekking fan it nije kultuerbelied.

It útfieringsprogramma Kultuer oan ‘e Kime en it útstel oan Provinsjale Steaten kinne jo op www.fryslan.frl dellade.