Nij kultuermagazine BUHNE
It blêd is in útjefte fan kultuerpromotor Volle Zalen, ûnder mear bekend fan de Uitloper. BUHNE jout musea, teäters, poadia en kreative briedplakken yn it Noarden de romte in posityf en persoanlik lûd hearre te litten en har programmearring ûnder de oandacht te bringen. It earste nûmer jout ûnder mear omtinken oan jong talint, lykas keunstners fan keunstakademy Minerva en muzikant en YouTuber Blanks. Ek literatuer en poëzy komme oan bod, mei ûnder mear in ynterview mei Ernst Bruinsma (Ljouwert City of Literature en Afûk) en boeketips fan Ronnie Terpstra (Van der Velde Boeken). Fierder binne ûnder mear artikels te lêzen oer eksposysjes by Keramiekmuseum Princessehof, Drents Museum en Groninger Museum.
Kultuer yn tiden fan Corona
It besyk oan in bioskoop, festival of teäterfoarstelling wurdt tige mist yn de coronakrisis. Dit is te lêzen yn it ûndersyk ‘Cultuur in Nederland’ dat it Prins Bernhard Cultuurfonds dizze simmer publisearre hat. Ien op de tsien Nederlanners hat wol in online foarstelling besjoen, mar miste de gesellichheid, it mei oaren tegearre genietsjen en de ûntspanning fan it ‘live’ belibjen fan kultuer.