Foto: Afûk

Nij Taalkado by oanjefte fan in berte

Frije tiid Oer it Frysk
29 april 2020
Fan dizze wike ôf krije âlden in nij fleurich Taalkado fan de provinsje Fryslân at sy berte-oanjefte dogge by in dielnimmende Fryske gemeente. Sûnt 2008 jout de provinsje Fryslân in bertegeskink út, dat earder ek wol it ‘Taaltaske’ hjitte. It Taalkado sit fol leuke en edukative produkten dy’t âlden en jonge bern op boartlike wize yn oanrekking bringe mei de Fryske taal. It projekt wurdt útfierd troch de Afûk.

Deputearre Poepjes: “It Frysk is in prachtige taal, it soe spitich wêze as ús taal ferdwine soe. Dêrom fine wy it wichtich dat bern al fan jongs ôf oan yn oanrekking komme mei de Fryske taal. It nije Taalkado is in moaie manier om op boartlike wize yn ‘e kunde te kommen mei it Frysk.”

Bewarboek
Nei in oanbestegingsproseduere kaam it foarstel fan de Afûk as bêste út de bus. It nije Taalkado hat de foarm fan in boek krigen. Dat is net allinne in leuke oansprekkende ferpakking. It kin letter ek brûkt wurde as bewarboek mei oantinkens út de poppetiid. Yn it Taalkado sitte ûnder oaren in spesjale twatalige ferzje fan It Grutte Foarlêsboek en fleurige flachjes mei in passende Fryske tekst.

Duorsum
Net allinne omtinken foar ferskillende aspekten fan de Fryske taal en de foardielen fan it meartalich grutbringen wienen útgongspunt by it nije bertegeskink. It moast ek sa sirkulêr en duorsum mooglik produsearre, ynpakt en ferfierd wurde.

Foto: Afûk