Nij ûnderwiisprogramma oer WO II lansearre yn it Fries Museum
It programma waard iepene mei in wolkomstwurd troch Marre Sloots, konservator fan it Fries Verzetsmuseum. Dêrnei joech Murk-Jaep van der Schaaf, makker fan de Tsjil Tsjekt-special, in proefles oan de dielnimmers. Ta beslút fertelde Tjitske van Dijk fan Afûk mear oer it byhearrende lesmateriaal. Tsjil Tsjekt – Oarloch yn ’e klasse wurdt mei finansiere troch Provinsje Fryslân en Taalplan Frysk.
Nei de lansearring fan de Tsjil Tsjekt-special folge in ynspirearjend programma dêr’t learkrêften hânfetten yn krigen om oarlochsskiednis en frijheid yn ‘e klasse besprekber te meitsjen. Se koene harren opjaan foar workshops én foar in eksklusive rûnlieding troch de nagelnije tentoanstelling IMPACT – De Luchtoorlog in Friesland, 1940 -1945, dy’t no ek te sjen is foar publyk.
De skiednis tichteby
De fiifdielige searje Tsjil Tsjekt – Oarloch yn ‘e klasse bringt de skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch tichter by learlingen fan groep 7 en 8, troch ynteraktive lessen mei edukative fideo’s en opdrachten. De special is ûntwikkele troch Omrop Fryslân yn gearwurking mei Afûk en it Fries Verzetsmuseum en wurdt mei finansiere troch de Provinsje Fryslân.
Learlingen wurde meinaam nei de oarlochsjierren yn Fryslân en ûntdekke hoe’t bern fan doe dy perioade belibbe hawwe. Se sille bygelyks koades foar wapendroppingen ûntsiferje, it lot fan in Joadske húshâlding opspoare en online it grêf fan in alliearde piloat fine. It lesmateriaal is fergees en tagonklik yn Spoar8, de lesmetoade foar de Fryske taal yn it basisûnderwiis. Sjoch foar mear ynformaasje op tsjil.omropfryslan.nl. De boks mei it lesmateriaal foar Oarloch yn ’e klasse is te bestellen yn de websjop fan Taalplan Frysk.
Ynspirearjende workshops ûnderwiismiddei
Yn de workshop fan de Anne Frank Stichting stie de ferbining tusken it no en it ferline sintraal, mei de ûnderfiningen fan Anne Frank as útgongspunt. Otto Frank sei oait: “Wat der bard is, kinne we net mear feroarje, mar we kinne leare fan it ferline.” Dit boadskip ûnderstreket it belang fan ûnderwiis by bewustwurding en by it bestriden fan foaroardielen en diskriminaasje. It lesmateriaal fan de Anne Frank Stichting helpt learkrêften om de Twadde Wrâldoarloch en de Joadeferfolging op in tagonklike wize besprekber te meitsjen yn de klasse. Mear ynformaasje is te finen op annefrank.org/educatie.
By de workshop fan Tûmba oer frijheid fan mieningsutering en diskriminaasje yn de klasse giene learkrêften yn petear oer útdaagjende stellingen en it belang fan ferskate perspektiven. Petearslieder Rienk Rozema liet sjen hoe’t learkrêften harren learlingen prikelje kinne ta neitinken en refleksje. Hoewol’t mieningen net altyd feroarje, kinne der wol siedsjes fan ynsjoch plante wurde. Tûmba biedt maatwurk foarljochtingen om bern bewust te meitsjen fan de ympakt fan harren útspraken en om harren te helpen om kritysk nei te tinken oer diskriminaasje en ferskaat. Sjoch foar mear ynformaasje op tumba.nl.
Debattearje helpt learlingen om harren miening te foarmjen, better te harkjen en respekt te hawwen foar oare stânpunten. Yn de workshop ‘Iedereen Debatteert’ liet Conny Ettema, learkrêft en ûntwikkeler fan de metoade, sjen hoe’t learlingen oan de hân fan stellingen leare om te argumintearjen, te presintearjen en om gear te wurkjen. In groep 8-klasse debattearre bygelyks oer de stelling: “As ien pest wurdt, moat de hiele klasse straft wurde.” Learlingen harken nei inoar, lieten inoar útprate en learden om harren yn oaren te ferpleatsen. Debattearje is in effektive en tagonklike wurkfoarm foar it ûnderwiis. Mear witte? Sjoch op iedereendebatteert.nl.
Gearwurking
Tsjil Tsjekt – Oarloch yn ‘e klasse is ûntstien út in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk en it Fries Verzetsmuseum. It wurdt mei finansiere troch de Provinsje Fryslân en Taalplan Frysk 2030.
Foto’s fan de ûnderwiismiddei troch: Aron Weidenaar.