NIJ! Wêr is Keimpe?
Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier. Keimpe wol bern en harren âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Troch yn it Frysk te lêzen en ferhalen te fertellen wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. Sa stimulearret Keimpe de Krokodil meartalichheid en krije bern de foardielen dêrfan mei.
Besjoch en bestel it boek hjir!
Mear witte oer Keimpe de Krokodil? Sjoch dan op keimpe.frl. Dêr fynst ek de ynteraktive ferzjes fan de platen út it Wêr is Keimpe-boek en kinst harkje nei de útspraak fan de wurden yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.