Nije edysje magazine ‘Taal yn ’e soarch’

Oer it Frysk Op it wurk
14 maaie 2025
Wannear’t professionals yn de soarch de eigen taal bewust brûke, dan leveret dat harren foardiel op yn it kontakt mei pasjinten/kliïnten. It nije nûmer fan it magazine 'Taal yn ’e soarch' is spesjaal makke foar én mei professionals dy’t wurkje mei jongerein en jongfolwoeksenen. Ferskillende professionals út de (jongerein)soarch fertelle yn it magazine oer harren wurk en de rol fan taal dêryn.

Sa fertelle pleechmemmen Johanna en Betty fan Jeugdhulp Friesland oer de ‘mem’ dy’t sy binne foar harren pleech- en eigen bern. Dosint Richtje fan NHL Stenden hat it oer iensumens en hoe dreech it faak is om dêr wurden oan te jaan. Sjoerd-Klaas nimt dy as ‘herstelfries’ mei yn syn eigen ferhaal en hoe’t hy as sjonger en wâldpyk ek wer oaren helpt. En gesinshelpferliener Rein fan GGZ Friesland komt by in protte jongeren oer de flier dy’t yn mindere tiden sitte.

It magazine ‘Taal yn ’e soarch’ is ûnderdiel fan it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’, wêrmei’t de Afûk it gebrûk fan de eigen taal yn soarchsituaasjes stimulearret. Mear ynformaasje op: www.friesindezorg.frl!