Nije útjeften fan Utjouwerij Afûk

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
6 desimber 2019
By Utjouwerij Afûk is by gelegenheid fan de hûndertste bertedei fan Anne Wadman ferskynd ‘Anne Wadman ‘It tipelsinnich bousel, ik’. Soan Thys Wadman, skriuwer en gearstaller, waard by de presintaasje op 30 novimber ferrast mei in oare útjefte fan de Afûk dy’t dyselde dei ferskynde, nammentlik ‘It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen’ fan Hylkje Goïnga, syn mem.

Anne Wadman ‘It tipelsinnich bousel, ik’

Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De Smearlappen (1963) en De frou yn ‘e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 de Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau.

Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte- en djiptepunten, oer haadsaken en bysaken, giet dit boek. It stiet fol mei ûnder oare oan no ta net publisearre wurk en nea earder ferskynde foto’s en dokuminten. Minsken dy’t harren fertroud fiele mei libben en wurk fan de skriuwer, learaar en muzikant helje herinneringen op en jouwe analyzes fan syn wurk.

Stichting It Kypmantsje, de Afûk en Tresoar earje Anne Wadman mei dit boek, dat by gelegenheid fan syn hûndertste bertedei ferskynt.

Boekgegevens
Anne Wadman ‘It tipelsinnich bousel ik’
Auteur: Thys Wadman
Ferkeappriis: € 19,95
Tal siden: 191
ISBN: 9789493159198
Utfiering: paperback
Afûk, Leeuwarden 2019
www.websjop.afuk.frl

It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen, Hylkje Goïnga

Omdat de boeken fan har net mear te krijen wienen, ferskynde yn 2016 de bondel Tsien fan Hylkje, in lytse kar út har wurk. Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fynt de lêzer nochris tsien teksten dy’t karakteristyk binne foar de skriuwster: koart om ‘e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk.

Hylkje Goinga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en de Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.

Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goinga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der in hantsje fan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De ferhâlding tusken man en frou is it weromkommende tema. De lêzer wurdt geregeld op ‘e ferkearde skonk set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de nofteren en soms naïve húsfrou Martha ha yn 2019 noch neat oan aktualiteit ferlern.

Gearstalling en foarwurd: Douwe Kootstra.

Boekgegevens
It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen
Auteur: Hylkje Goïnga
Gearstaller: Douwe Kootstra
Tal siden: 88
Ferkeappriis: € 7,50
ISBN: 9789493159204
Utfiering: paperback
Afûk, Leeuwarden 2019
www.websjop.afuk.frl