Nijsgjirrige kursussen by Tresoar

Frije tiid
6 jannewaris 2020
​By Tresoar wurde regelmjittich kursussen organisearre op it gebiet fan Fryske literatuer en skiednis. Ek de kommende moannen sette wer in tal nijsgjirrige kursussen útein.

Dûk mei dichter Arjen Hut yn de wrâld fan de poëzij, ferdjipje dy mei Hanneke de Jong yn it skriuwen fan proaza foar bern, gean ûnder lieding fan Marga Claus oan de slach mei it skriuwen fan libbensferhalen of gean mei Janneke Donkerlo de útdaging fan it ferheljend skiednis skriuwen oan.

Lês op www.tresoar.nl mear oer de ferskate kursussen.