Priisútrikking oersetwedstryd De Nije

17 maart
| 15:30 - 18:00

Yn De Nije, it nulnûmer fan it nije Frysktalige nijsblêd fan de Ried fan de Fryske Beweging is in oersetwedstryd opnommen fan it liet “In the big rock candy mountains”. Oersettingen yn it Frysk, Nederlânsk, Stedsfrysk, Bildtsk of Stellingwarfs wiene wolkom. Wa’t der mei de prizen fan troch geane wurdt fannemiddei bekend makke. De priisútrikking is om 15.30 yn de Brasserie fan Stania State yn Oentsjerk mei muzyk fan de band fan Chris Kalsbeek. Elkenien is fan herte wolkom, de tagong is fergees.