Digitale Grutte Gedichtejûn

5 februari

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze, hjoed om 19:30 oere fia it YouTube-kanaal fan Ensafh. Dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne oproppen om foar 22 jannewaris 2021 in gedicht op te nimmen.  Dy ynstjoerings sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Lykas wenst is der tuskentroch muzyk, ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens. Sjoch foar mear ynformaasje op www.ensafh.nl en https://youtu.be/G4e0qdWPyes.