Praat mar Frysk kroechkwis op De Jouwer

30 november

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân! In pear kear per jier strike wy del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân mei fragen oer de Fryske taal en kultuer. Fannejûn is it feest yn kafee ‘t Hert op De Jouwer. Om 19.30 oere geane we los. Teams fan 1-6 persoanen kinne har oanmelde fia praatmarfrysk@gmail.com of fantefoaren oan de bar. De Praat mar Frysk-kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch de Afûk, Weidenaar Worst, Sonnema en Drukkerij Van der Eems.