Boek fan de Moanne novimber-desimer: Lindbergh
It libben wie gefaarlik wurden foar lytse mûs. Oeral stiene mûzefallen, leine fijannen op ‘e loer en ien foar ien wiene syn mûzefreonen ferdwûn. Mar wêr hinne? Nei Amearika? Doe krige mûs in domdryst plan: hy soe fleanen leare! Dan koe er nei Amearika om syn freonen werom te finen. Nachtenlang wie er dwaande om in fleantúch te meitsjen dat sa’n grutte reis meitsje koe oant syn dream út kaam…
Yn de moannen novimber en oktober is Lindbergh Boek fan de Moanne en dêrom yn de Fryske boekhannels te keap foar mar € 9,95 ynstee fan € 17,95. Dat litst dochs net lizze? Ek online te bestellen fia ús websjop. Sjoch ek .