Nieuw Fries stripboek over Schieringers en Vetkopers

Boeken fan Fryslan Vrije tijd
29 januari 2019
Op 1 febrewaris 2019 wurdt yn Museum Dokkum it nijste stripboek fan Skelte Braaksma presintearre: 'Fete', it nea earder fertelde ferhaal oer de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

It is it jier 1400 en it Fryske lân is fertize rekke yn in unike en hast anargistyske situaasje, wêryn’t elk foar syn rjochten opkomme moat. De feodale struktuer dy’t oeral yn Europa yn de midsiuwen oantroffen wurdt, ûntbrekt yn Fryslân folslein.It lân bestiet út in protte lytse gebieten, mei haadlingen oan it roer. Konflikten wurde faak útfochten troch in fete te fieren.

Dy situaasje wurdt de Fryske frijheid neamd. Dy frijheid wurdt lykwols fan alle kanten bedrige. Net allinne wolle bûtenlânske hearen harren macht nei de Fryske lannen útwreidzje, ek fan binnenút is der stoarm op komst. Meikoarten sil ien fete ôfgryslik út ʼe hân rinne. En it komt op in hantsjefol persoanen del om de fierdere skiednis foarm te jaan.

Untdek hoe’t dy minsken hannelen, yn dy komplekse en kritike perioade út de Fryske skiednis, yn it earste ferhaal oer de fergetten Grutte Fryske Oarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

Presintaasje
De feestlike presintaasje fynt plak op freed 1 febrewaris om 16.00 oere yn Museum Dokkum, Diepswal 27. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan skriuwer Willem Schoorstra. Tagelyk mei de presintaasje wurdt ek de eksposysje Fete & Grutte Pier fan Mudhoen iepene.

Oer de auteur en yllustrator
Nei syn oplieding Art&Design is Skelte Braaksma (22) yn maart 2017 útein setten as selsstannich grafysk foarmjouwer, yllustrator en striptekener. Skelte makket benammen stripferhalen, yllustraasjes, portretten en infographics. Hy hat fiif stripboeken op syn namme stean. Yn 2017 wûn hy mei de strip “Het Front” (ynspirearre op 1984 fan George Orwell) de earste priis fan it Kamper Stripspektakel.

Boekgegevens
Tekst en yllustraasjes: Skelte Siwerus Braaksma
Foarmjouwing en byldbewurking: Jan Tiemersma
Histoaryske korreksje: Oebele Vries
Fan 1 febrewaris ôf yn de boekhannel en fansels te keap fia ús websjop.

Fan 26 jannewaris oant en mei 20 april 2019 is de eksposysje Fete & Grutte Pier te sjen yn Museum Dokkum.