Bonne Speerstra sinjearret syn nijste boek ‘Underweis’ op de Landbouwbeurs

Vrije tijd
14 december 2018
Freed 14 desimber fan 14.00 oere oant 16.00 oere is Bonne Speerstra op de Landbouwbeurs (WTC Expo Ljouwert) yn de stand fan de Afûk om syn nijste boek Underweis te sinjearen. Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings. Tagelyk fertelt er de famyljeskiednis fan de Speerstra’s en dêrmei ek de ûntjouwing fan it boerelibben yn Fryslân. Yn Underweis jout Speerstra mei in myld each en gefoel foar humor stal oan de ferhalen fan en oer it plattelân. Ferkeappriis: € 17,50. Ek yn ús webshop.