De Gjalp giet út! Twee oproepen voor Friese schrijvers en dichters

Boeken fan Fryslan
2 juli 2025
Onder de naam De Gjalp presenteren Ensafh, de Moanne en RIXT twee open oproepen voor schrijvers en dichters. Makers kunnen hun werk insturen voor publicatie én voor een presentatie op festivals. Dat is dit jaar het geval voor het Noordelijk Film Festival, dat in november wordt georganiseerd. Insturen kan tot vrijdag 1 augustus 2025.

Gjalp 1 – Dichtsje by histoarysk filmmateriaal
Dichters wurde útnûge om in gedicht te skriuwen by in filmfragmint út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA). Ut in seleksje fan 25 films (te finen op de webside fan it FFAA) kiest de dichter in fragmint fan 2 à 3 minuten en skriuwt dêr in gedicht by. In sjuery selektearret fiif teksten op basis fan literêre kwaliteit en byhearrend byld. De teksten wurde anonym beoardiele. De fiif selektearre gedichten wurde (mei stipe fan it FFAA) troch de dichter sels ynsprutsen en montearre ta koarte poëzyfilmkes dy’t fertoand wurde op it Noordelijk Film Festival. Ek binne live-optredens fan de dichters op it festival ûnderdiel fan it plan. Elke selektearre dichter krijt in honorarium fan €500,- en de teksten wurde publisearre yn Ensafh enof de Moanne.

Meidwaan? Stjoer dyn gedicht (mei fermelding fan film en tiidkoade) foar 1 augustus 2025 nei: gjalp25@gmail.com. Foar de list mei de argyffilms: friesfilm-audioarchief.nl.

Gjalp 2 – dyn eigen literêre projekt mei film
Foar De Gjalp wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre produksje mei film. Fan in optreden mei byld oant in koart filmsenario, fan in essay oer film oant in animaasjeeksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en film yninoar gripe. In sjuery fan literatuer- en filmkenners selektearret fiif plannen. De plannen wurde anonym beoardiele. Foar elk selektearre idee is der € 500,- beskikber foar in earste útwurking. Ek is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei it festival.

Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025 nei: gjalp25@gmail.com (meardere ideeën ynstjoere mei!)