Foto: Jacob van Essen

Dichter fan Fryslân-gedicht ‘Anne en Arie’ yn fideokomplilaasje UNESCO Ynternasjonale Memmetaaldei

Boeken fan Fryslan NPLD Over het Fries Vrije tijd
10 februari 2021
Op snein 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaledei. It NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) makket foar dit jier in meartalige fideokompilaasje fan sprutsen kulturiele uterings yn lytse talen. Ek de Dichter fan Fryslân is frege om in bydrage te leverjen. De Dichter fan Fryslân leveret in bydrage yn 'e foarm fan de Fryslân fan Boppen-fideo fan it gedicht 'Anne en Arie'.

De fideokompilaasje is op snein 21 febrewaris 2021 online te sjen fia it NPLD en de Facebook-side fan Dichter fan Fryslân.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.dichterfanfryslan.frl.