Ferskynd by Utjouwerij Afûk: debútroman en dichtbondel fan Janneke Spoelstra

Boeken fan Fryslan Vrije tijd
19 april 2019
By de Afûk binne mar leafst twa nije titels ferskynd fan Janneke Spoelstra: har debútroman De Parallaks en in nije dichtbondel Wij yn ‘e draaimûne.

De parallaks (roman)
Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich en Wyb dy’t santich wurdt. Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftiid is it perspektyf hiel oars. De libbens fan ‘e froulju rinne soms mei-inoar op, mar úteinlik folgje se alle trije har eigen wei.

Boekgegevens
De parallaks
Auteur: Janneke Spoelsta
Utfiering: paperback
Siden:  132
Ferkeappriis: € 16,50
ISBN: 9789493159020

Wij yn ‘e draaimûne (dichtbondel)
Wij yn ‘e draaimûne is de tredde dichtbondel fan Janneke Spoelstra.  Yn dizze bondel wurdt it ûndersykjen fan it eigen plak op ‘e wrâld trochset en wurdt wjerstân bean oan net allinne it ferlies fan neisten, mar ek fan soks saakliks as in gemeente.

Boekgegevens
Wij yn ‘ e draaimûne
Auteur: Janneke Spoelsta
Utfiering: paperback
Siden:  64
Ferkeappriis: € 12,50
ISBN: 9789493159013

Oer de auteur
De Parallaks is de earste roman fan Janneke Spoelstra (Hijum 1962). Se publisearre har debút bondel Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk & Frij) yn 2004. Har twadde bondel, Langst fan ‘e dagen, ferskynde  by de Friese Pers Boekerij yn 2011. Yn 2008 publisearre Spoelstra, yn it ramt fan it projekt  Fryske Modernen, de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t as ien fan ‘e tsien Fryske boeken yn 2013 op de Frankfurter Buchmesse ûnder de oandacht brocht waard.