Vers van de pers: de Moanne nr. 4

Vrije tijd
4 juli 2019
Vanaf vandaag bij alle abonnees op de deurmat en voor alle andere geïnteresseerden te koop in de boekhandel: de Moanne nummer 4. Met deze keer interviews met o.a. Frank den Oudsten, Valtentina Tóth en Emiel Stoffers, werk van Machiel Braaksma maar ook columns, poëzie, proza en meer interessante artikelen.

Oer de Moanne
de Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. de Moanne lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt op it web, op papier en organissearret ‘live’-moetingen. As algemien-kultureel opinyblêd wol de Moanne in tagonklik, eigentiids opinyblêd wêze foar en oer kultuer yn Fryslân. It is dus net in tydskrift foar Fryske kultuer, mar stribbet der nei in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan kultuer en taal yn Fryslân sûnder ûndergeskikt te wêzen oan in bepaalde (maatskiplike) ideology. de Moanne wurdt net stjoerd troch de fraach fan in bepaalde groep fan minsken, mar wol yn alle ûnôfhinklikens it brede kulturele libben yn Fryslân registrearje, befreegje, analysearje en fan kommentaar foarsjen.

Wy libje hjoed-de-dei yn in twatalige provinsje en wolle dêrom in poadium biede oan minsken yn Fryslân (of Friezen om utens) dy’t skriuwe wolle, yn it Nederlânsk of yn it Frysk, oer ferskate ûnderwerpen as arsjitektuer, byldzjende keunst, film, fotografy, kultuer fan benammen ek jongerein en nijkommers, muzyk, skiednis, literatuer en teater mei in link nei Fryslân. Dêrby sil de redaksje fansels de ferhâlding Frysk – Nederlânsk goed yn de gaten hâlde. Wy stribje der nei om safolle mooglik Fryske bydragen op te nimmen.

De twataligens komt earder fanwege de losse meiwurkers fan de Moanne as fanwege de fraach fan de lêzers. de Moanne rjochtet har oanbod benammen op de breed oriïntearre lêzer, ynteressearre yn de kultuer en literatuer fan Fryslân, dy’t maklik Frysk lêst of dêr graach wat muoite foar docht en dy’t foar it measte part djipgong preferearret boppe koartswyl.

Meer lezen over en van de Moanne? Ga naar de webside!