Het ‘fergetten wurd’ van donderdag 10 april is ‘Sljocht’

Over het Fries
10 april 2025
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over: sljocht.

Vertaling en betekenis:
NL: effen, vlak, egaal, gewoon, slecht, gek, trottoir, effen water oppervlakte
EN: slight, plain, not good, sidewalk, smooth surface (water), level, poor quality, trivial
Betsjutting:

eigenskipswurd

  • sûnder ekstra fersiersels, toai, lúkse, ienfâldich
  • sûnder ferhevenheden, effen, egaal, flak, glêd, plat
  • nuver dwaand, dwaas gedrach fertoanend
  • breidzjen sa breidzjend dat de breidspriem fan foaren nei efteren ynstutsen wurdt

haadwurd

  • effen, blak wetteroerflak
  • fluorre paad neist de wei, plat, stoepe, trottoir

Wêr komt it wei?
Sljocht is in âld Germaansk wurd dat fan oarsprong fan it proto-Germaanske ‘slihtaz’ komt. It betsjutte ‘glêd, effen, egaal, gewoan’. Fynst it wurd yn ferskillende foarmen werom yn oare Germaanske talen. Lykas yn it Ingelsk: slight, yn it Dútsk: schlecht en schlicht, yn it Deensk: slet, Noarsk: slett, en Sweedsk: slätt.

De oarspronklike betsjutting fan ‘sljocht’ is ‘glêd, effen’. Yn  it Nederlânsk is de betsjutting fan it wurd ‘slecht’, troch ‘him net boppe wat oars ferheffend’ en ‘gewoan, ienfâldich’ oergien yn oan ’e iene kant in geunstige betsjutting ‘oprjocht, freonlik’ en oan ’e oare kant in ûngeunstige betsjutting ‘ferkeard, net goed’. Dêr is úteinlik no allinnich dy lêste betsjutting noch fan oerbleaun. Yn it Nederlânsk is datselde bard mei  wurden lykas ‘gemeen’ en ‘ordinair’.  Yn it Frysk sjochst dat ‘sljocht’ júst net mear brûkt wurdt foar ‘min’ en ‘ferkeard’. As it al brûkt wurdt dan benammen yn ‘e betsjutting fan ‘gewoan, ienfâldich’: sljocht en rjocht, sljochtweihinne, of ‘gek’ yn de sin fan ‘sljocht op wat of ien wêze’.

En yn it tiidwurd ‘sljochtsje’ (slechten) fynst de betsjutting fan ‘egaal meitsje’ wer werom. In paad of in dyk sljochtsje is yn letterlike en figuerlike sin it paad ‘effenje’ of ‘egaal’ meitsje.
No’t wy dochs op in paad sitte: Sljocht is ek it âlde wurd ôfkomstich út ‘e tiid, dat men allinne in paadsje troch de buorren hie. Dat paad wie dus sljocht wie, en it oare diel (sis mar de berm) wie ûnsljocht (ûneffen/rûch). En sa kinst ek in mieningsferskil ‘sljochtsje’: bylizze dus, of glêd strike.

Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 15 maaie is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.