Het ‘fergetten wurd’ van 17 februari is ‘hottefylje’

Leren & onderwijs Op het werk Over het Fries Vrije tijd
17 februari 2022
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord 'hottefylje'.

Betsjutting
Spul hawwe, ferbaal rûzje meitsje, Nederlânsk: kibbelen.

Synonimen
Kibje, dwersbongelje. Ek wol: omhottefylje (ek yn de betsjutting datst hiel lang oan it ompielen bist).

Wêr komt it wei?
Om der efter te kommen wêr’t it wurd wei komt ha ik earst ris sjoen nei de opbou fan it wurd. Sa’tst wol sjen kinst bestiet it út twa dielen: ‘hotte’ en ‘fylje’.

Hotte, ek wol ‘hoatte’ betsjut ‘wetstien’. In stien dêr’tst dyn ark (messen ensfh.) skerper op slypje kinst of bramen fuort helje kinst. It tiidwurd ‘hotsje’ betsjut ek slypje. ‘Hotte’, ‘hotsje’ en ‘wetstien’ en it Nederlânske ‘wetten’ hawwe deselde oarsprong. Yn in hiel soad Germaanske talen komt it foar, bygelyks yn it Aldingelsk: ‘hwettan’ (yn it Ingelsk betsjut ‘to whet’ ek skerp meitsje) en it Aldnoarsk ‘hvetja’. Allegear mei de betsjutting ‘skerp meitsje’.

Ast yn it wurdboek by ‘hotte’ sjochst dan komst dêr ek al  in pear útdrukkingen tsjin dy’t ús op it spoar fan ‘hottefylje’ bringe. ‘De hotte mei de file’: twa persoanen/partijen dy’t oaninoar weage binne en ‘de hotte en de file reitsje inoar’:  twa finnige persoanen krije spul.

Dus as de ‘hotte’ en de ‘file’ inoar reitsje dan krijst wjerstân, fonken, skerpsliperij. Dy ferbining mei ‘skerp’ yn rûzjes en diskusjes komt faak foar. Ien kin skerp út ‘e hoeke komme. Ast in skerpsliper bist giest altyd oeral tsjinyn.

In ‘file’ is dan fansels in ‘vijl’. In raspich stik ark dêr’tst dingen glêd mei meitsje kinst. Net dy rige auto’s dêr’tst wolris yn terjochte komst. Al kin dat it hottefyljen wol befoarderje fansels.

Meer vergeten woorden
Donderdag 17 maart is er weer een ‘fergetten wurd’. Stem om ongeveer 15.10 uur af op Omrop Fryslân Radio en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.