It ‘fergetten wurd’ fan 17 maart is ‘griemmank’

Leren & onderwijs Op het werk Over het Fries Vrije tijd
17 maart 2022
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord 'griemmank'.

Betsjutting
Mingsel fan allegear (stoflike en ûnstoflike) foarwerpen, dingen trochinoar, opienfolging fan bekende, populêre melodyen of parten dêrfan, rubryk fan letterkundich wurk yn in jierboekje of almenak. Nederlânsk: mengelmoes.

Ast it wurd googlest komst it faak tsjin yn de titel fan âlde (liete)boekjes. Der is ek in buertferiening yn Balk dy’t sa hjit en in bloch.

Synonimen
Grodzemods. Ek wol: grienmank, griemmankje: dingen trochinoar minge/ferhaspelje.

Wêr komt it wei?
Om der efter te kommen wêr’t it wurd wei komt ha ik earst ris sjoen op de website fan Historische Woordenboeken. Dêr seach ik dat Douwe Tamminga ea in stikje oer it wurd skreaun hat yn it boek Op ‘e Taelhelling. En lit ik dat no yn ‘e hûs hawwe.

It wurd komt nei alle gedachten út it boerelibben. Yn in deiboek fan 1571 fan in boer út Hitsum stiet ‘Griemang gesaeijt op de hoge acker’.  Dat ‘griemang’ wie in mingsel fan earten en beannen. Letter is dat wurd dus breder brûkt foar allerhande mingsels en mingfoarmen. Yn it Grinzers komt it wurd ‘graimmaank’ foar yn deselde betsjutting.

As wy noch efkes fierder sjogge nei it wurd dan sjochst dat it út twa dielen bestiet ‘griem’ en ‘mank’. It lêste diel betsjut ‘tusken’, ‘mids’, ‘middenyn’, tink ek oan it Ingelske ‘among’ en it Dútske ‘mang’. It wurd ‘mank’ wurdt yn it Frysk net in soad mear brûkt, dat twa fergetten wurden yn ien stikje … Hearst it miskien noch it measte yn de ferbining ‘mank wêze’ yn de betsjutting ‘gean mei wat’, ‘anneks wêze mei’.

It griem of grien is wat lestiger. Want wat is it no? Komt it fan ‘griem’ of ‘grieme’ of komt it fan ‘grien’. Dêr binne de gelearden noch net hielendal út. It meast logyske is dochs dat it fan ‘grien’ komt en dat it troch de útspraak ‘grienmank’ feroare is yn ‘griemmank’. It betsjut soks as ‘grien mingsel’ wat ek wer mei oanslút by de betsjutting út it deiboek fan de boer.

Meer ‘fergetten wurden’
Donderdag 14 april is er weer een ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.