Het ‘fergetten wurd’ van 23 december is ‘krôkje’

Over het Fries Vrije tijd
23 december 2021
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Donderdag 2 december ging het over het woord 'krôkje'.

Krôkje
Betsjutting: mei lytse, lichte flokjes snije. Ek wol: krôksnije.
Oare betsjuttingen binne: gassen mei in skraabjend lûd út de mage wei troch de kiel ûntsnappe litte; it natuerlike lûd hearre litte (fan kikkerts, podden); kiellûden hearre litten  (fan fûgels, benammen fan hinnen).

Wêr komt it wurd wei?
Hoe komt no dat sêfte fine snijen en dat boeren byinoar? Ik fyn dat dy kombinaasje de betsjutting fan it snijen wol wat deromantisearret. Lit ús earst ris nei oare talen sjen.

Dêr komt it wurd ntl. ek foar. Yn Noard-Hollân prate se ek fan krokken as it licht snijt en fan ‘kroksneeuw’ of ‘krok’ en ‘krokken’ betsjut dêr ek ‘hoorbaar opboeren’. Yn it Bildts praat men ek fan ‘krokke’. Yn it wurdboek stiet it allinnich yn de betsjutting fan licht snije. De Bilkerts hâlde de romantyk deryn.

Yn it Ingelsk hast it wurd ‘to croak’. Dat betsjut ek in leech, skor lûd meitsje, fan kikkerts en fûgels bygelyks. Yn de betsjutting fan snije bin ik it dêr net tsjinkaam…

Yn it âld-Ingelsk komt it wurd foar as ‘cracian’ en dat klinkt fansels in hiel soad as ‘kreakje’. Yn it proto-germaans is it ‘krakojan’: in skerp lûd meitsje. It wurd ferwiist dus nei it lûd dat makke wurd. It krôk/krok is dan ek ferbûn mei kreakje/kraken/to crack. Krôksnije betsjut dus eins ‘kreaksnije’. En dat ferwiist nei it lûd dat de snie makket ast der oer hinne rinst. Letter is dat wurd ferkoarte yn ‘krôkje’ (kreakje).

Meer ‘fergetten wurden’
Donderdag 20 januari is er weer een ‘fergetten wurd’. Stem om ongeveer 15.10 uur af op Omrop Fryslân Radio en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.