Het ‘fergetten wurd’ van donderdag 12 september is ‘Fandelje’
Vertaling en betekenis
Fandelje
Ned: verzamelen, inzamelen, bij elkaar brengen, op de wereld brengen
Eng: to gather, to collect, to deliver
Betekenis:
– ta ien gehiel byinoar bringe, sammelje, opfiskje, opdjipje
– fiskjen, jacht: byinoar bringe, byinoar sykje wat fongen is, neisjen
– op ‘e wrâld helpe fan bern en jonge bisten
Synonimen: sammelje, garje, swylje, opsykje, neisjen.
Waar komt het woord vandaan?
Mirjam: “Fandelje is in Aldgermaansk en Aldfrysk wurd dat komt fan ‘fandelia’. It betsjut fan oarsprong: ûndersykje, besykje, byinoar bringe en op ‘e wrâlld bringe en hat letter de wat mear algemienere betsjutting fan ‘sammelje’ krigen.
Ik ken it wurd wol yn dy lêste betsjutting, yn de sin fan saken ‘byinoar fandelje’ of ‘opfandelje’ fan guod, en sa brûk ik it ek noch wol. In rûntsje op it web befêstiget dat ‘fandelje’ sa it measte brûkt wurdt. Yn de wat âldere literatuer komt fandelje ek foar by it fiskjen; by it leechheljen fan fûken, bygelyks.
In bern of in jong bist kin ek fandele wurde. Dat wurdt dan dien troch de boer of bistedokter by bisten en troch in ferloskundige, dokter, en earder de baakster of de kreamheinster by bern. ‘Dy baakster hat ús allegear fandele.’ Yn dizze betsjutting hear ik ‘fandelje’net mear. ‘Troch wa bisto fandele? ‘, ropt by my oare assosjaasjes op…
It wurd komt yn it Nederlânsk eins net foar. It soe dan ‘vaandelen’ wêze moatte, mar dat wurd ferwiist meastal werom nei it Frysk (as in ferwizing dat it yn it Frysk wol foarkomt)”
Mear fergetten wurden?
Op tongersdei 10 oktober is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.