It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 15 maaie is ‘mannewaar/leksum’

Over het Fries Vrije tijd
15 mei 2025
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over: 'mannewaar' en 'leksum'.

Vertaling
Nederlands: manuaal /handboek; les
Engels: manual; lesson, lecture

Waar komt het vandaan en wat betekent het?
Dizze beide wurden komme yn it Frysk benammen foar yn in fêste útdrukking mei deselde betsjutting, nammentlik:
–          immen it mannewaar oplêze/opsizze
–          immen it leksum oplêze/opsizze

It betsjut itselde as it Nederlânske ‘iemand de les lezen’, immen de wierheid fertelle. It mannewaar hat neat mei it waar te krijen of mei ‘mansplaining’ – ‘de mannewierheid ????’, mar komt fan ‘manuaal’ en dat betsjut ‘hânboek’. Tink ek oan it Ingelske ‘manual’. In manuaal wie yn earste ynstânsje in ‘liturgysk boek foar deistich gebrûk’, in boek datst alle dagen yn ‘e hannen hiest. Letter hat it in algemienere betsjutting krigen. It wurd ‘manuaal’  ferwiist nei saken dy’tst  ‘mei de hân’ pakke kinst of dy’t ‘foar de hân’ makke binne. Tink ek oan ‘manicure’ bygelyks en it Frânske ‘main’. Ast immen it hânboek oplêst en opseist dan fertelst him/har dus de wierheid.

Itselde jildt foar ‘leksum’. Dat betsjut gewoanwei ‘les’ en komt fan it Latynske ‘lectio’ en betsjut ‘foarlêzing’. In les is dus fan oarsprong eat wat ‘foar- of oplêzen’ wurdt. Ek it wurd ‘leginde’ – in oerlevere ferhaal, hat dy oarsprong. Yn it Latyn is lêze ‘legere’. Kinst immen ek noch it leksum jaan. Dan setst dyjinge efkes goed teplak.

… no’t ik der sa oer neitink soe ‘it mannewaar’ bêst wol brûkt wurde kinne foar ‘mansplaining’. Dan wurdt it grif wer in gongberder wurd.

Meer ‘fergetten wurden’?
Op donderdag 5 juni is het weer tijd voor een nieuw ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân Radio en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.