Het vergeten woord van donderdag 4 december: ‘kwizekwânsje’ en ‘wizânsje’
Kwizekwânsje
Nederlânsk: invloedrijk, van belang, consequentie
Ingelsk: importance, consequence
Betsjutting: wichtich, ynfloedryk (fan persoanen). Immen fan kwizekwânsje wêze.
Wizânsje
Nederlânsk: gewoonte, gebruik
Ingelsk: habit, custom, practice, usage
Betsjutting: gewoante, gebrûk, wat as gebrûklik oannommen wurdt, wat immen wend is om te dwaan
Wêr komt it wei?
Kwizekwânsje en wizânsje, twa foar de priis fan ien diskear. In kadootsje past wol by de desimbermoanne. Hiel faak as Fryske wurden moai en sjongsum klinke, dan komme se út it Frânsk. En dat is dizze kear net oars.
Kwizekwânsje komt fan it Frânske wurd ‘conséquence’. Yn it Nederlânske kenne wy it as ‘consequentie’ en yn it Ingelsk as ‘consequence’. Wy brûke it benammen yn de betsjutting fan ‘gefolch’, mar it hat ek de betsjutting fan ‘wichtich’, ‘fan belang wêze’. Konsekwinsjes binne fansels ek faak fan belang.
Wizânsje is net sa’n hiel gewoan en gebrûklik wurd mear, mar it hat wol dy betsjutting: gewoante of gebrûk. Dit wurd komt fan it Frânske ‘usance’ en fansels sjochst hjir ek gelyk de Ingelske wurden ‘use’ en ‘usage’ yn. Ek it Ingelsk hat in hiel soad fan oarsprong Frânske wurden yn him. In oar Frysk wurde foar ‘gewoante’ is ‘wenst’. Dat komt fan ‘wenne’, ‘gewend’ wêze.
Dizze Frânske wurden binne nei alle gedachten yn de Frânske tiid en ûnder ynfloed fan de hegerein yn it Frysk terjochte kaam. Wat útspraak en skriuwwize oanbelanget binne se alhiel ferfryske. Se fiele foar ús dan ek hiel Frysk, tink bygelyks ek oan wurden as ferdivedaasje en avensearje.
Meer ‘fergetten wurden’?
Donderdag 15 januari 2026 is het weer tijd voor een nieuw ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân Radio en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.