It fergetten wurd fan tongersdei 9 oktober is ‘deale’

Over het Fries
9 oktober 2025
Iedere maand bespreekt Mirjam Vellinga een bijzonder of vergeten Fries woord op Omrop Fryslân Radio in het programma 'Goeiemiddei' met Johan Terpstra en Diana de Groot. Vandaag ging het over het woord: deale. Wat betekent het? Waar komt het vandaan?

Vertaling
Nederlands: duivel, drommel(s), deksels
Engels: devil

Betekenis
Duvel, duvelsk-wêzen

Waar komt het vandaan?
It is oktober en de dagen wurde wer koarter. Halloween komt deroan. No ha ik net safolle mei it Amerikaanske feest, mar it is al in hiel âld Keltysk fenomeen. Halloween komt fan All Hallows Eve, Allerheiligen, Frysk: Alderheljen. It Keltyske jier begûn fanâlds op 1 novimber en 31 oktober wie dus foar harren âldjiersdei. Allerheljen is in kristlik/ katolyk feest (yn neitins fan alle hilligen) en dat jildt ek foar Allersielen in dei letter.  Earder waard der om dy tiid hinne in Heidensk feest fierd, tink dêrby oan it Keltyske ‘Samhain’ (ein fan de simmer, oergongsfeest fan ljocht nei tsjuster).

Wat hat ‘deale’ dêr dan mei te krijen? ‘Deale’ is in wurd dat gauris yn útroppen brûkt waard (en noch wol wurdt, tink ik) en it betsjut ‘duvel’. Duvel of divel komt fan oarsprong fan it Latynske ‘diabolus’. Tsjustere krêften dus. Utdrukkingen dêr’t ‘deale’ yn foarkomt:
Om ‘e deale net
No is de deale los
Wat deale!
Gjin deale (=neat)

It wurd hat neat te krijen mei it Ingelske ‘deale’ – fan bygelyks drugs. Al soest dat ek as wat duvels beskôgje kinne. Dat soarte fan ‘dealen’ komt fan ‘diele’ – ferdiele.

Oare wurden foar duvel binne der fansels wol yn it Frysk: boaze, deaker, donder, deakerom, drommel, satan, wrikkert, demon, tsjoede, âldfeint, âldman, Hanke, Hanne, Hantsje, Hantsjepik, Heintsje, Heintsjepik, Joast, koarthakke.

Miskien is de foarm ‘ferdeald’ noch wol bekender. ‘Ferdeald’ wurdt brûkt as ‘fersterker’ – ‘ferdealde kâld’ bygelyks en as ynterjeksje/útropwurd: ‘Ferdeald, wat is it kâld!’ Ek dan betsjut dat fansels: ‘ferduveld’ of ‘duvel’.

Meer ‘fergetten wurden’?
Donderdag 6 november is het weer tijd voor een nieuw ‘fergetten wurd’. Stem om plm. 15.10 uur af op Omrop Fryslân Radio en luister naar het programma ‘Goeiemiddei‘. Kijk hier voor meer ‘fergetten wurden’.