Kening komt nei Ljouwert foar wurkbesite oer Fryske taal en kultuer
De wurkbesite begjint moarns by de Fryske Akademy. Dêr steane de ûntwikkeling fan it Frysk ta offisjele taal en it wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer sintraal. De Kening praat mei in deputearre, de direksje en mei in tal ûndersikers fan it ynstitút oer it belang en de útwurking fan de ‘Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer’. Dêryn is fêstlein hoe’t it Ryk en de provinsje Fryslân de kommende jierren wurkje oan de beskerming en de befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Ek fertelle de wittenskippers oer harren ûndersyk op it mêd fan de Frisistyk en oer de gearwurking mei partners yn binnen- en bûtenlân.
De Kening kuieret nei Tresoar en krijt dêr taljochting op in tal stikken út de kolleksje. By Tresoar is it ferline fan Fryslân opslein yn in argyf, in biblioteek en in museum. Yn de stúdzjeseal wurdt in wettekst yn it Aldfrysk foardroegen dêr’t in Fryske dichter op reflektearret. Oanslutend wennet de Kening in part fan in bernekolleezje by út it lesprogramma ‘Triedsjes nei it ferline’. Meiwurkers fan Tresoar en de learlingen hawwe in foarwerp útkeazen dat wichtich foar harren is en dêr’t in ferhaal oan fêstsit dat persoanen en saken yn it no en út it ferline ferbynt. Yn it lesprogramma sille learlingen op syk nei dizze ferhalen en nei it triedsje dat harren ferbynt mei it ferline.
De lêste besite, oan opliedingsynstitút en útjouwerij Afûk set útein mei in rûnlieding troch de winkel. Dernei folget in taljochting op de kolleksje boeken yn en oer it Frysk en Fryslân en op de aktiviteiten op it mêd fan berneliteratuer. De wurkbesite wurdt ôfsletten mei in petear oer de betsjutting fan it Frysk yn it deistich libben. In ûnderfiningssaakkundige út de GGZ fertelt oer it belang fan de Fryske taal yn de soarch, in taaltrainer ljochtet de ferbining tusken taal en identiteit ta en in studint dy’t Frysk as karfak folge hat, fertelt oer it brûken fan de Fryske taal troch jongerein. Yn it ôfslutende petear komme ek it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak en by kontakt mei de plysje oan bar.
Foto: © RVD | Martijn Beekman