Willem Verf by syn boekpresintaasje op 23 maart.

Leafde yn oarlochstiid (Ein Bratkartoffelverhältnis) *interview*

Boeken fan Fryslan
3 april 2025
Op 23 maart presenteerde Willem Verf zijn nieuwste boek: 'Leafde yn oarlochstiid'. Over zijn ouders die in de oorlogstijd verkering kregen in Duitsland. Een persoonlijk en aandoenlijk verhaal dat de lezer de oorlog op een andere manier laat zien. Verf: "Ik tink dat de tiid der no, tachtich jier letter, ryp foar is dat minsken iepensteane foar de nuânses. Foar in novelle oer gewoane minsken en hoe't sy de oarloch belibben". Een interview met Willem Verf over zijn boek en waarom hij het heeft geschreven. Tekst: Ciska Noordmans.

Oer Leafde yn oarlochstiid (Ein Bratkartoffelverhältnis)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de âlden fan skriuwer Willem Verf. Sy krigen yn oarlochstiid ferkearing yn Dútslân, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelle sy Willem dêr letter oer. Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne, en neat mei ideologyske fiersichten hawwe, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling?

Willem Verf: ‘Yn dit boekwurk wurdt it ferhaal ferteld út trije perspektiven wei: dat fan myn Dútske mem, myn Nederlânske heit, en ik sjoch sels ek werom op myn ferhâlding mei myn ôfkomst. Yn de jierren dat ik opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. Ik tink dat de tiid der no, tachtich jier letter, ryp foar is dat minsken iepensteane foar de nuânses. Wy leare op skoalle oer de fjildslaggen, sjogge films oer helden, mar dizze novelle giet oer gewoane minsken. Minsken út in húshâlding yn Fryslân en ien yn Dútslân dy’t meielkoar te krijen hiene, en hoe’t sy de oarloch belibben.’

In oare ynfalshoeke
Willem Verf: ‘De lêste boeken dy’t ik skreau, wienen wat tsjokkere boeken. Sels lês ik graach boeken fan Súd-Amerikaanske skriuwers, dêr’t de tiid nommen wurdt foar skilderachtige beskriuwingen, sadatst as lêzer in byld folsleiner ynkleurje kinst. We libje no yn in tiid dat alles fluch en koart “moat”, sûnder omballingen. Oer in oarloch dy’t 80 jier achter ús leit moat dat ek kinne, mar it moast wol soarchfâldich en mei in oare ynfalshoeke, dy’t wat tafoeget. Doe’t ik mei de útjouwer myn foarnimmen foar in boek beprate, kamen wy derop út dat it allegearre wol wat persoanliker koe en sa is dizze novelle “Leafde yn Oarlochstiid (Ein Bratkartoffelverhältnis)” ûntstien.

It is basearre op it ferhaal fan myn heit en mem, dy’t yn oarlochstiid ferkearing krigen yn Dútslân. Sy fertelden my letter, doe’t ik noch sa’n jonge wie, oer wat sy yn dy tiid meimakken. Ik krige mei hoe spannend it foar harren west hat, wat sy dien hawwe yn de oarloch en dat net alles tusken goed en fout sa maklik te tsjutten is. Fansels fûn ik myn ôfkomst sels ek wolris yngewikkeld, mar al ridlik gau hie ’k troch dat it by my hearde. Elk hat ommers wol wat, en dit heart by my.

Ik basearje my op wat my oerbrocht is en ik tink dat krekt dát it ferhaal ek spesjaal makket. It is in persoanlik ferhaal wurden, alhoewol’t de nammen fansels wol oanpast binne; it is ommers in kombinaasje fan feit en fiksje. Fansels hat de haadredakteur meilêzen, en foar de passaazjes út de rol fan ús mem ha ik myn frou mei in skerp each meilêze litten, om de details noch libbensechter te krijen.

It libben fan gewoane minsken
Ik tink dat de tiid der ryp foar is, no tachtich jier nei de Twadde Wrâldkriich, dat minsken foar de nuânses iepensteane. Ik hoopje it mar. Wy leare ús bern op skoalle oer de fjildslaggen, wy sjogge films oer helden, mar dizze novelle jout ynsjoch yn it libben fan gewoane minsken. Myn pake en beppe yn Dútslân moasten bygelyks libje mei in soan dy’t by de Hitlerjugend beynfloede waard troch in ekstreme ideology, dêr’t sy sels net achter stiene. It wie in yngewikkelde tiid, wêryn’t minsken skipperje moasten om te oerlibjen. Mei dizze haadpersoanen, minsken út in húshâlding yn Fryslân en ien yn Dútslân, wol ik sjen litte wêr’t sy tsjinoan rûnen, en hoe’t sy de oarloch belibben.’

No te keap
It boek is rûnom te keap foar € 17,50 by boekhannels en fia websjop.afuk.frl.