Nieuw gedicht Dichter van Fryslân

Over het Fries Vrije tijd
19 februari 2025
‘Smoarch ljocht’ is het nieuwste gedicht van Arjan Hut als Dichter van Fryslân. Vandaag ook te lezen in het Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de website van Omrop Fryslân.

De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “Veel nut heeft het niet om over gedichten na te denken, als er zoveel gebeurt in de wereld. Maar het zoeken naar woorden, zoals ook Nobelprijswinnaar Jaroslav Seifert dacht, is nog altijd beter dan moorden.”

De Nederlandse vertaling door Jantsje Post en de Engelse vertaling van David Colmer zijn terug te lezen op de website van het project Dichter fan Fryslân.

Smoarch ljocht

dit gedicht
(sis ik der fuortendaliks by)
wol net by amearika hearre

dit gedicht is
útsoarte autonoom
en lit him / har net platsmite
en betegelje
foar in fakânsjepark
(al soene de winsten maksimaal wêze!)

dit gedicht skûlet
yn sikehûzen, yn skoallen en
tsjerken en
gjin drone of skerpskutter
kin it reitsje (sèls dêr net!)

al stie it achter in sjoernalist
al stie it achter in helpferliener
al stie it achter in bern

dit gedicht tinkt:
smyt mei letters, net mei stiennen
sjit mei ideeën, net mei kûgels

dit gedicht is foar elkenien
ek foar dyjingen
dy’t it net in sint wurdich achtsje
ek foar dyjingen dy’t sizze
“de renêssânse is folslein trochsketten!”

dit gedicht soe wolle
dat elkenien har / him de bek hâldt
it is in troch-de-wykske moarn op ierde
gean mar ris de doar út
de skutting oer
te kuierjen
bûten de perken (alle perken!)
de stêd út
it spoar oer
it wâld troch
nei it lân fan rôze snie

meitsje dit gedicht wer grutsk!
miskien lit de sinne har kopke sjen (at se doart)
dat smoarge ljocht

dit gedicht hat altyd by ús west
like âld en bryk as oarloch

Dichter fan Fryslân Arjan Hut. Foto: Reyer Boxem

Het project ‘Dichter fan Fryslân’ is een initiatief van de provincie Fryslân en wordt uitgevoerd door de Afûk. Met de benoeming van de Dichter fan Fryslân wil de provincie bij een breder publiek aandacht vragen voor de kunstvorm poëzie.