Foto: Jacob van Essen

Nieuw gedicht Dichter van Fryslân: ‘Woede’

Vrije tijd
22 maart 2019
Een nieuw gedicht van de Dichter van Fryslân, Eeltsje Hettinga. Geschreven met het oog op de aanslag in Utrecht en de uitslag van de provinciale verkiezingen afgelopen woensdag. Het gedicht is ook terug te lezen in het Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de website van Omrop Fryslân.

Meer gedichten van de Dichter van Fryslân en vertalingen in het Nederlands en Engels door Elske Schotanus en David Colmer op: www.dichterfanfryslan.nl.

 

Woede

*

Hoe’t immen, al tikjendewei, in bom fan haat
yn it hert omjaget, in trein, winkel of tram
ynstapt en bûten sinnen mei in kop fol nacht,

djip yn himsels ferdwaald, himsels yn woede
en geweld in útwei tinkt en mei alle lûken
fan ’e siele ticht in keamer fol kûgels leech sjit.

*

Hoe’t op in moarntiid immen himsels manifest
makket, radikaal gek, hiel ’t raderwurk fan
in stêd stilleit as wie it Heger Macht’s wurk,

wylst der altyd ergens immen is dy’t sûnder
smoarge hannen, simpelwei ûnskuldich, troch
misdied en straf weireizget op dea syn trams.

*

Hoe’t midden yn it wâld fan it geweld alle
klokken befrieze, in punt tsjin de himel
slane, sa’t in elk, in tel fan skrik ferstienne,

langer net mear wit hokker paad te nimmen,
hokker paad te nimmen as hate rûnom
de ûleflecht makket mei B. syn nije oarder.