Nieuw verschenen: It deiboek, ús reade striid (notysjes fan Jehannes de Groot)

Boeken fan Fryslan Vrije tijd
5 september 2019
In het kader van het Domela-jaar schreef Janny van der Molen (Burgum, 11 oktober 1968) een tweetalig kinderboek (10+) over Niels die sinds kort in Friesland woont. Door een schilderij komt hij op het spoor van Geertje Kleefstra die aan het einde van de negentiende eeuw in Reduzum woonde. Haar vader is een fanatiek aanhanger van Domela Nieuwenhuis. 

It deiboek – ús reade striid (notysjes fan Jehannes de Groot) is een tweetalig (deels op waarheid gebaseerd) verhaal over een Fries meisje (Geartsje) van toen en in Hollandse jongen van nu. Wat hebben zij met elkaar gemeen? Wat is er aan de hand met een schilderij en welke rol speelt het dagboek van Jehannes de Groot? Een verhaal over strijd, moed én echte vriendschap.

Geartsje hat skjin har nocht fan de djippe earmoede, de honger en de kjeld. Se wol in better libben foar har heit en mem, foar harsels en foar alle oare minsken yn ús lân. Dêr wol se foar stride, ek al is har mem dêr poer op tsjin. En stride docht se, mar dat bringt har swier yn ‘e problemen ….

Niels uit Tilburg komt met zijn familie in het Friese Boazert terecht als zijn moeder burgemeester wordt van Boazeradiel. Echt blij wordt hij daar niet van. Het is saai en leeg in Boazert. Niels mist de stad en zijn vrienden. En had hij maar een “gewone” moeder, eentje die minder opvalt.

“Moai, sa’n boek oer in ynspirearjend Frysk famke. As minsken net te skiterich binne en in oar helpe, komme we in hiel ein.”
HABTAMU DE HOOP

“In moaie miks fan feiten en fiksje. It libben fan doe, ferbûn mei dat fan no, mei deselde ynstek: opkomme foar dysels, mar ek foar oaren. Net allinne: ikke en de oare kin stikke!”
FOPPE DE HAAN

Janny van der Molen (Burgum, 11 oktober 1968) publisearre yn 2007 har earste boek by Uitgeverij Ploegsma. Har boeken litte harren foaral typearje as ferheljende non-fiksje en geane bygelyks oer skiednis, filosofy, psychology en wittenskip. Dêrom wurde se ek wol brûkt yn it ûnderwiis. Ferskate fan har titels binne oerset. Har lêzers binne 9 jier en âlder. Ek folwoeksenen wurdearje har wurk. Yn 2018 kaam har earste oarspronklik Fryske boek út by Bornmeer: De trije klokketiers fan Koartsweagen (yn it ramt fan it Under de Toer-projekt). Maatskiplike belutsenheid rint as in reade tried troch it wurk fan Van der Molen. Se wol mei de boeken graach bern helpe om it bêste út harsels te heljen en oaren te helpen om dat ek te dwaan. Van der Molen sprekt faak oer har wurk, sawol foar bern as foar folwoeksenen.

Nu voor € 16,50 te koop in de boekhandel en natuurlijk ook in onze websjop!