Oprop foar de online Grutte Gedichtejûn

Boeken fan Fryslan Vrije tijd
4 december 2020
Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze op freedtejûn 5 febrewaris 2021 om 19:30 oere. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd. Om dy reden wurde alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, oproppen om ien gedicht op te nimmen.

It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft de gedichten skreaun binne. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in oar syn of har gedicht foarlêze.

De filmkes moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris 2021. Alle filmkes sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Betingst is wol dat lûd en byld fan goede kwaliteit wêze moat, der net te lange ynliedings op ’e gedichten holden wurde en dat de opname net earder fertoand is. De redaksje hat it rjocht om te knippen yn it opstjoerde filmke.

Der sil lykas wenst tuskentroch ek muzyk wêze. Dat is ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.

It oanbelangjende filmke kin nei ensafhpoezij@gmail.com stjoerd wurde.