www.praatmarfrysk.nl

Praat mar Frysk yn bedriuw

Op het werk
26 september 2019
Grutte ynfrastruktuerele projekten, lykas it wurk fan konsortsium Levvel (fersterking fan de Ofslútdyk), freegje it uterste fan alle belutsen partijen. Kommunikaasje is dêrby hiel wichtich.

It is dêrom weardefol dat minsken harren eigen taal sa folle mooglik brûke kinne, om har better út te ferwurdzjen. Sa brûke Feike Brouwer (Wagenborg Nedlift) en Gerben Dijkstra (Levvel, in konsortsium fan BAM Infra, Van Oord en Rebel) #Frysk by harren petearen mei elkoar en mei kollega’s. Dit soarget foar ferbining, better wurk en goede oplossingen. Sels sizze se it sa, tsjek de fideo! Hoe wurket taal yn jim bedriuw? Miskien is sa’n fette bedriuwsfideo ek wat foar jim! Sjoch www.praatmarfrysk.nl.