Prijs en eervolle vermelding bij Circom Awards voor ‘Jennifer Stript’ en ‘Dûnsje mei Tomke’

Boeken fan Fryslan Leren & onderwijs Vrije tijd
14 april 2022
Eare foar twa produksjes fan Omrop Fryslân by de Circom Awards! De transmediale vlog-detective 'Jennifer Stript' wûn de Digital Media Circom Award. De sjuery wie foaral ûnder de yndruk fan it gebrûk fan ferskillende sosjale media yn kombinaasje mei in spannende fertelfoarm. It pjutteprogramma 'Dûnsje mei Tomke' fan krige yn de kategory Music and Arts in earfolle fermelding.

Circom is de Europeeske feriening fan regionale omroppen. Yn totaal binne 209 stasjons oansletten by de organisaasje. Sûnt 1990 rikt Circom jierliks yn tsien ferskillende kategoryen Awards út foar de bêste produksjes makke troch regionale omroppen.

Lês hjir it hiele parseberjocht en harkje nei it ynterview mei de makkers, Feije van der Meer en Willy van Assen, fan ‘Dûnsje mei Tomke’.