Oprop ta tige koarte ferhalen foar de lange koartproazajûn

Der binne al in skoft lûden te hearren yn literêr Fryslân dat Frysk proaza oan ’e krapperein komt mei al dy poadia, kollektiven en projeksjes foar poëzije. Proaza lient him likegoed om foardroegen te wurden, proaza is net allinnich foar ûnder de skimerlampe. Frysk literêr tydskrift Ensafh hat dy útgjalpen heard en organisearret dêrom de […]

Lange koartproazajûn

Literêre programma’s yn maart

Op sneon 7 maart wurdt de Boekewike yn Fryslân yn Ljouwert ôftrape mei in literêre jûn om it Boekewikegeskink hinne. Fan 8 o/m 19 maart ferrassende programma’s op ferskate lokaasjes troch skriuwer en muzikant Bennie Huisman, skriuwster Baukje Zijlstra en skriuwer/byldzjend keunstner Sytse Jansma en de dichters Anne Feddema, Martin Reints en Edwin de Groot.

Literêre programma's yn maart

Wolkom by it BoekWinter Boekfeest!

Yn neifolging fan it BoekSimmerBoekfeest organisearret Boeken fan Fryslân no it BoekWinterBoekfeest. In feest foar skriuwers, lêzers en elk dy’t ynteressearre is yn moaie ferhalen. Foar dizze earste edysje fan it BoekWinterBoekfeest is in Ferhalewedstriid útskreaun. De winner fan de wedstriid wurdt op it feest sels bekend makke en mei syn of har ferhaal foardrage oan […]

BoekWinterBoekfeest

Nyk de Vries is de nije Dichter fan Fryslân

Nyk de Vries is op freed 22 novimber 2019 by it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Nyk de Vries folget Eeltsje Hettinga op dy’t hjoed ôfskied naam fan syn funksje as earste Dichter fan Fryslân.

Dichter fan Fryslân

Frysk boek by de boadskippen

Lekker, in Frysk boek! Boeken fan Fryslân yntrodusearret Fryske boekeferkeap yn de supermerk. De Superrr yn Aldeboarn besiket it út. It is de bedoeling dat yn de rin fan 2020 mear supermerken Fryske boeken oan it assortimint tafoegje. Foar mear ynformaasje nimst kontakt op mei Ida Heddema, i.heddema@afuk.nl.

Boekewike- geskink 2020 krijt Fryske oersetting

Troch in gearwurking tusken de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt it Boekewikegeskink fan bestsellerauteur Annejet van der Zijl yn de Boekewike ek yn it Frysk. Yn 2018 barde dat foar it earst yn it kader fan LF2018. Baukje Zijlstra sil it Boekewikegeskink oersette. De 85ste edysje fan de Boekewike fynt plak fan sneon 7 […]

Boekewikegeskink 2020 krijt Fryske oersetting

Lida Dykstra wurdt Berneboekeambassadeur fan Fryslân

Skriuwer Lida Dykstra wurdt as Berneboekeambassadeur (BBA) oansteld, sa is hjoed op it WOW Meartalich kongres fan Cedin bekendmakke. Fan jannewaris 2020 ôf sil Dykstra twa jier lang promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan.

Berneboekeambassadeur

Organisearje ris in sutelaksje!

De sutelaksje, in moaie finansjele ynstruier. Mear as 50 doarpen yn Fryslân dogge al mei! Nije shirts foar it jeugdteam, dat moaie ynstrumint foar it korps, dat moaiere dekôr foar de toanielútfiering? De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De sutelaksje biedt jim de kâns om mei in lytse ynspanning (2, 3 oerkes sutelje) de klupkas te spekken.

Sutelaksje

Ferkeap oan skoallen

De siswize ‘keapje troch te sjen’ giet ek op foar skoallen. Der wurde rûnom yn Fryslân boekekisten nei de skoallen brocht. Dy krije fjirtjin dagen de gelegenheid om in kar út it oanbod te meitsjen. De boeken dy’t oerbliuwe, wurde wer ophelle.

Skoalkisten

Alternative ferkeappunten

Alle jierren wurde der alternative ferkeappunten fan Fryske boeken organisearre. De diskes wurde bemanne troch frijwilligers dy’t in profyzje fan 25% fan de omset krije.

Diskes