Lida Dykstra en Hanne Snel mei boer Jaring en syn frou Lotte én groep 3 fan KBS Sint Radboud út Jirnsum.

Oerhandiging 1e ‘Sipke op ‘e buorkerij’ yn Fries Landbouw Museum

Boeken fan Fryslan
2 oktober 2024
Op tiisdei 1 oktober waard alwer it sânde Frysk-Nederlânske Gouden Boekje fan Sipke presintearre. Dat fûn plak yn it Fries Landbouw Museum yn Ljouwert, yn oanwêzichheid fan groep 3 fan de KBS Sint Radboud út Jirnsum. It boekje, skreaun troch Lida Dykstra en yllustrearre troch Hanne Snel, is no te krijen yn de (online) boekhannel.

It earste eksimplaar waard oerhandige oan boer Jaring en syn frou Lotte fan Boer Brunia, dy’t Lida holpen hawwe by de research foar it boek. By de presintaasje fertelden Lida en Hanne oer harren wurk oan dit boekje en beäntwurden se fragen fan de learlingen. Dêrnei lies Lida it ferhaal foar, wylst de bern fol oandacht sieten te lústerjen. Nei ôfrin krigen alle bern in eksimplaar fan it boekje mei nei hûs!

Oer it boek
Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan Pake fan alles oer it Fryske lânskip en de bisten. En as it wurk achter de rêch is, kriget Sipke in hiel bysûnder kado.

Oer de makkers
Lida Dykstra begûn in 1992 ferhalen te skriuwen yn it Nederlânsk en Frysk. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers, skriuwt se ek foar âldere bern. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Har mannichkear bekroande wurk wurdt kenmerke troch in soad fantasy en humor.

Hanne Snel foel nei in stúdzje Spaansk pardoes mei de noas yn ’e berneboekewrâld en besleat dat se dêr bliuwe woe. As yllustrator. En dat slagge! Sa makke se de tekeningen foar de boeken yn de searjes Sprokia, skreaun troch Lida Dykstra, en Maffe meester Daan, troch Judith van Helden. Har wurk werkenst oan har losse, swierige mar boppe-al fleurige styl.

‘Sipke op de boerderij / Sipke op ‘e buorkerij’ is útkaam yn in gearwurking tusken Utjouwerij Rubinstein en Utjouwerij Afûk.