Oprop: Skriuw mei oan ferhaleprojekt Lyts gelok

Frije tiid Oer it Frysk
3 oktober 2024
Nei it sukses fan ferhaleprojekt Utsteld gelok yn ’e earste edysje fan trijejierliks kultureel programma Arcadia yn 2022, komt Ljouwert UNESCO City of Literature yn 2025 mei Lyts gelok, ek wer yn it ramt fan Arcadia. En dêrfoar sykje sy skriuwers foar ferhalen, gedichten, strips, ferskes, oertinken, ensfh.

Foar Lyts gelok siket Ljouwert UNESCO City of Literature 100 bysûndere literêre teksten oer dy mominten datst krekt even oars sjochst nei wat der is. Wat is bysûnder op in fierder deagewoane dei, wat falt ta as alles tsjin liket te sitten, wat bliuwt gelokkich altyd itselde ek al is al it oare yn beweging? Nim ús mei yn de ferwûndering dy’t dy samar oerfalle kin, en beskriuw de lytse freugden dy’t de dei kleurje, de fraksjes fan gelok dêr’tst hast oer stroffelje kinst.

Yn de 100 dagen fan Arcadia yn de simmer fan 2025 yn Fryslân makket Ljouwert UNESCO City of Literature alle dagen ien fan dy nije teksten iepenbier, op hieltyd in oare ûnferwachte manier, om sa by te dragen oan krekt dy deistige ferwûndering!

Skriuw dyn ferhaal, gedicht, dialooch, strip, ferske, oertinking oer lytse (ûn)opfallende saken dy’t in grutter ferhaal fertsjinje. Dat mei yn elke taal en elk literêr sjenre wêze, yn maksimaal 1500 wurden. Utkeazen skriuwers wurde ûnderdiel fan it projekt en krije in honorarium fan 700 euro. Deadline foar it ynstjoeren is snein 10 novimber 2024. Alle ynformaasje fynst op: www.leeuwardencityofliterature.nl.