Oprop: stjoer in fers op yn dyn eigen Frysk, oer it tema Taal
Utjouwerij Frysk en Frij sil yn 2025 de sammeldichtbondel Us aller eigenste Taal útjaan mei lyryk oer it tema Taal. It wurdt in samling fan mear as 30 tongslaggen oer it tema Taal. De ynlieding wurdt fersoarge troch Tsead Bruinja. De sammelbondel wurdt presintearre op sneon 29 novimber 2025. Bruinja sil dan it earste eksimplaar yn hannen stelle fan Arno A.M. Brok, Kommissaris fan ’e Kening yn Fryslân. By dy feestlike oanbieding wurdt ek in Taalfoarum op tou set.
Oprop
Foar de bondel wurde minsken frege om fersen yn te stjoeren yn harren eigen memmetaal. It giet om ‘dyn eigen Frysk’, lykas it Klaaifrysk, Súdwesthoeks, Woodfrysk, ensfh. It gedicht moat gean oer it tema Taal, it moatte oarspronklike fersen wêze dy’t net earder publiseard binne en gjin oersettingen binne fan oaren.
De organisaasje siket fersen yn fersakte tongslaggen, lykas: Achterhoeks, Bildts, Brabants, Drents, Eilanners (Amelâns, West-Schylingers, Meslânzers, Aesters, Skiermuontseachs), Frysk, Hogelandsters, Oldambsters, Veenkolonioals, Westerkwartiers, Westerwolds, Hollands, Ingels, Limburgs, Nordfrasch, Overijssels, Ostfriesisch, Saterfreesche Spraak, Stedsfrysk (Bolswerters, Dokkumers, Franekers, Hylpers, Luwarders), Stellingswarfs, Twents, West-Fries, Zeêuws.
As it even kin wurde dêroerhinne ek gedichten opnommen yn Europeeske minderheidstalen, lykas: Baskys, Bretons, Gaelic, Kasjûbys, Katalaans, Kornys, Samys, Wels. Ynstjoere kin oant 1 juny 2025 nei: post@frysk-en-frij.nl.
Friesland
Niet in mijn dorpen en mijn elf steden,
niet in mijn meren en mijn heerlijkheden
ben ik het meest mijzelf, maar in mijn taal:
het instrument waardoor ik ademhaal.
(Ed Hoornik)
Organisaasje
De organisaasje fan it projekt is yn hannen fan Uitgeverij Frysk en Frij yn St. Anne, yn oparbeidzjen mei NHL Stenden – Lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid.
Sjoch foar mear ynformaasje en de oprop op de website fan Frysk en Frij.