Pippi Langkous yn it Frysk komt der oan, bestel alfêst dyn eksimplaar
De Fryske edysje fan Pippi Langkous is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogenske famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy’t bern bliuwe wol.
De skriuwerskarriêre fan auteur Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) begûn eins op ’e dei dat har dochterke om in ferhaal frege; it waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy’t oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.
De Fryske oersetting is makke troch Martsje de Jong: “It wie machtich om te dwaan. Ik seach it yn myn jeugd op telefyzje en letter ha ik de dvd’s mei myn eigen bern griis draaid en ik fyn it noch leuk.”
Earder hat De Jong al Karlsson fan it dak fan Lindgren foar de Afûk oerset. Tryater makke dêr in famyljefoarstelling fan dy’t ferline winter yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert te sjen wie.
Bestel dyn Fryske Pippi hjir en hâld foar it lêste nijs ús webside en social media kanalen yn ‘e gaten!