Poëzijfideo ‘Asman’ Dichter fan Fryslân yn premjêre

Boeken fan Fryslan Frije tiid
1 maart 2021
Juster gie de tredde poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in muzikale ferfilming fan it gedicht 'Asman' en is ta stân kommen yn gearwurking mei Omrin.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. Geandewei dit jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, fia Leeuwarden City of Literature, LF2028, it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant óf hjirûnder.

‘Asman’ is skreaun ta eare fan 150 jier stedsreiniging yn Ljouwert foar Stichting Poëzietableaus Leeuwarden. Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Leewarders: Anne Feddema. Oersetting nei it Ingels: David Colmer.