Foto: Tresoar

Portret Aggie van der Meer tafoege oan Gysbert-galery

Boeken fan Fryslan
27 febrewaris 2020
Tresoar hat in nij portret tafoege oan de searje Gysbert Japicxpriiswinners. It is al hast in tradysje wurden dat de Gysbert Japicxpriiswinner in skildere portret kriget yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn 2019 wûn Aggie van der Meer (1927) fan Boalsert de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. Douwe Elias fan Frjentsjer hat har steande skildere mei foar har alderhanne wurk, want hja wurket noch altyd oan ferskate opdrachten. Elias skildere earder ek de portretten fan Tiny Mulder en Piter Boersma yn dizze searje.

Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De namme ferwiist nei de 17e iuwske Fryske renêssânsedichter Gysbert Japicx, berne yn Boalsert. De priis waard yn 1947 ynsteld troch it Provinsjaal Bestjoer. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste priiswinner. De priis wurdt om de twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij.