Foto: Wâldnet

Praat mar Frysk guerrilla-aksje yn Droegeham

Frije tiid Oer it Frysk
2 maart 2019
Feest yn Droegeham! Nei Terherne ferline jier, wie it no de beurt oan Droegeham! By 'nacht en ontij' hong it kampanjeteam fan Praat mar Frysk hiel Droegeham fol mei Fryske ferkearsbuorden.

In in heal oerke wie ‘t klear. Op de foarprinte buorden steane Fryske taalgrapkes en boartlike teksten. Sito Wijngaarden fan Praat mar Frysk: ,,Wy wolle de sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte op in ludike wize fergrutsje.’’ Sa hinget der foar de boartersguodwinkel no in buordsje mei ‘No stiest foar it blokje’. By de bushalte stiet ‘Dit is in moai plak om te tútsjen’ en by de laadpeal foar elektryske auto’s ‘Wolst wat mear spanning yn ‘e auto?’

Wêrom’t Praat mar Frysk foar Droegeham keazen hat? Samar! Wa wit komme wy dit jier ek noch by jim yn ‘e buert!

Benijd nei it resultaat? Tsjek de fideo!