Praat mar Frysk op ’e kofje by Hulpmiddelencentrum Fryslân
Frije tiidOer it FryskOp it wurk
11 jannewaris 2019
Hulpmiddelencentrum Fryslân bestelde Praat mar Frysk-promoasjemateriaal. Reden genôch foar ús om ris op 'e kofje. Want hoe dogge sy it dêr mei it Frysk? Tsjek it filmke! Wolst ek Praat mar Frysk-promoasjemateriaal bestelle of fynst it miskien ek leuk dat we by dy lâns komme foar in bakje? Foar mear ynformaasje oer de Praat mar Frysk-bedriuwsfideo sjochst hjir. Foar it bestellen fan materialen giest nei de Praat mar Frysk websjop. Wistest dat wy ek om 'e 14 dagen in taalpraatsje hawwe op Omrop Fryslân? Dat wy in beare gesellige kroechkwis organisearje? Dat dy super handige Praat mar Frysk-app fergees te downloaden is? Foar noch folle mear Praat mar Frysk sjochtst op http://www.praatmarfrysk.nl/ of folgje Praat mar Frysk fia de ferskate socials!
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer: kwizekwânsje én wizânsje. Twa foar de priis fan ien diskear! In kadootsje past ommers wol by de desimbermoanne 😉 Mar wat betsjutte dizze wurden? Wêr […]
De earste druk fan it boek ‘Harlingen, geschiedenis van de Friese havenstad‘ (2015) wie destiids samar útferkocht. De nij ferskynde twadde printinge is net samar in werdruk, mar oanfolle mei nije en ekstra ynformaasje. Sa is it earste haadstik oanfolle mei nije relevante kaarten en foto’s. Yn it sechsde en lêste haadstik wurdt fierder de […]