Presintaasje Frysk lesmateriaal by boek ‘Vet oud! Fryslân’
Alle oanwêzige dosinten op it kongres krigen nammentlik út hân fan Eke Folkerts in komplete klasseset kado, mei dêryn 20 kear it boek ‘Vet oud! Fryslân’ én it nije lesmateriaal foar de hiele klasse, oanbean troch Cedin en Afûk!
Fierder mei Frysk
It kongres Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten en studinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en it mbû. Omdat de nije kearndoelen foar it fak Fryske taal en kultuer harren njonken taalfeardigens ek mear as earder rjochtsje op kultuer, erfgoed en skiednis, wie dat dit jier it oerkoepeljende tema fan it kongres. Mei dêrom is Tresoar as lokaasje keazen foar Fierder mei Frysk op tongersdei 24 oktober.
It kongres hie in nijsgjirrich programma, mei û.o. Richard Zuiderveld ‒ tegearre mei Aant Jelle Soepboer skriuwer fan it boek ‘Vet oud! Fryslân’ ‒ dy’t oer harren nije boek fertelde. Lisa Boersma fan de Afûk presintearre it projekt Fet Ald!, it nije lesmateriaal by it boek, en joech útlis oer de lessen. Ferhaleferteller Willem Schoorstra wie derby om ynspirearjende tips te jaan foar ‘Derop út’, in ûnderdiel fan it lesmateriaal wêrby’t learlingen yn harren eigen omjouwing op ’en paad geane om, yn oansluting op de ferhalen, oerbliuwsels út de Fryske skiednis op te sykjen. Eke Folkerts wie oanwêzich om de dielnimmers te fertellen oer de nije kearndoelen en ôfspraken út de BFTK foar it fuortset ûnderwiis en hoe’t dy fertaald wurde yn belied. Én sy hie dus foar alle skoallen dat prachtige ‘fette’ kado, oanbean troch Afûk en Cedin. Dêrneist wiene der ferskate ynspirearjende workshops.
Lesmateriaal
In wurkgroep besteande út meiwurkers fan Afûk en Cedin, ûntwikkele by it boek fernijend lesmateriaal foar de skiednislessen op skoalle. It giet om in kombinaasje fan digitale en fysike produkten om de fakken Skiednis en Frysk oaninoar te keppeljen. Lisa Boersma: ‘De learlingen ûntdekke mei de ferhalen en it bybehearrende lesmateriaal it ferline fan Fryslân troch de eagen fan leeftiidsgenoaten. Se sille harren ferpleatse yn de haadpersoanen en leare harren eigen lêsûnderfiningen te ferwurdzjen. Yn it projekt stiet de belibbing fan de skiednis sintraal; oan ’e hân fan prachtich audiofisueel materiaal en oansprekkende wurkfoarmen lizze de learlingen ferbannen tusken histoaryske persoanen en foarfallen binnen Fryslân en de spoaren dy’t noch werkenber binne yn it hjoeddeistige Fryslân.’
Der is in line fan njoggen ferhalen keazen; trije ferhalen per klasse. It materiaal foar de earste klasse is al klear. Dêrmei kinne seis lessen skiednis en/of Frysk folle wurde. Nei de lansearring op 24 oktober stiet it lesmateriaal klear foar de skoallen yn Searje 36, de digitale lesmetoade Frysk foar it fû. De kommende tiid wurdt it útboud ta in trochgeande learline Fryske skiednis foar de folsleine ûnderbou (klasse 1-3). Moai oan dit lesmateriaal is dat it no al perfekt oanslút by de nije kearndoelen foar it fak Fryske taal en kultuer foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, dêr’t skiednis in prominint plak yn krije moat.
It boek
Vet oud! Fryslân is it sechsde diel fan de populêre jeugdboekesearje Vet Oud!. Yn dat boek nimme Richard Zuiderveld en Aant Jelle Soepboer de lêzer yn tweintich spannende ferhalen ‒ fan prehistoarje oant Alvestêdetocht ‒ mei troch de nijsgjirrige skiednis fan Fryslân. De ferhalen yn it boek wurde oanfolle mei histoaryske feitsjes, museumtips, kleurrike foto’s en yllustraasjes.
It boek is ek bûten skoalle om hiel nijsgjirrich om te lêzen foar elkenien dy’t noait syn nocht krijt fan skiednis (leeftiid: 10+).