Priisútrikking Rely Jorritsmapriis 2025
Boeken fan Fryslan
Frije tiid
Oer it Frysk
6 oktober 2025
De Ljouwerter wethâlder fan kultuer Hein Kuiken hat sneontemiddei 4 oktober 2025 de
Rely Jorritsmaprizen útrikt yn teaterstjerke It Mammemahûs yn Jellum. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 71ste kear, wiene 40 ferhalen en 50 gedichten ynkommen. De sjuery, besteande út Marrit de Schiffart (foarsitter), Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman dy ’t de ynstjoeringen anonym ta beoardeling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand.
Gertrud Palstra wûn de priis foar har ferhaal Blineman, Sytse Jansma foar syn ferhaal Psych Aid en Gerrit Hoekstra foar syn ferhaal In simmerjûn yn Seachlym.
De winners fan de gedichten binne: Pim Rodenboog mei Meiboartsje, Fedde Douwes Dijkstra mei Refleksje en Tryntsje van der Steege mei De swimmers.
It sjueryferslach en de winnende gedichten en ferhalen binne opnommen yn it spesjale Relynûmer fan Frysk literêr tydskrift Ensafh (jiergong 17, nûmer 5, 2025).